Ondernemend Friesland nieuws

Bedriuwen, brûk it Frysk!

Yn it jier dat Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa is, moat it Frysk - ommers ús foarnaamste kultuerskat - rûnom brûkt wurde. Dat alteast tinkt de Ried fan de Fryske Beweging, dy't konstatearret dat it Frysk op strjitte, produkten, websiden ensfh. folle mear te brûken is as oant no ta dien wurdt. Wylst it no just it stuit is om de finsters iepen te smiten en de taalrykdom fan it Frysk oan de bûtenwrâld sjen te litten.

Bedriuwen kinne dêr in foarname rol yn spylje. Sy kinne it Frysk letterlik en figuerlik yn de etalaazje sette en de Ried trunet harren oan dat fan’t maitiid te dwaan. Wêrom dochs net dit jier oangripe om de gevelopskriften oan te passen? In supermerk kriget wier net minder klanten as in supermarkt.  Wy biede binnenlânske toeristen dan wat mear as oare provinsjes: in bytsje in bûtenlângefoel yn eigen lân.

 

Yn it bysûnder kin de horeka dêr oan bydrage. Benammen yn dit kulturele jier soe it betsjinjend personiel - oft dat no sels Frysktalich is of net - de gasten lette en sette moatte mei in wurdsje Frysk derby. Toeristen stelle sokke couleur locale op priis. Meartalige menukaarten en ûnderlizzers kinne dêr royaal oan bydrage. De Afûk kin jimme dêrby helpe. En wês ek net te benaud foar ientalich Frysk; yn Frankryk rêde wy ús ommers likegoed.

Onze specialisten
Gerke-Wispelwey-Buro-360-gr
Gerke Wispelwey
Buro360
MKB Adviseur & meedenker
Tandarts-Implantoloog-Frank
Frank Post
Kliniek Tandheelkunde Sneek
Tandheelkunde en Healthcare
Martin van der Meulen Team Communicatie
Martin van der Meulen
TEAM Communicatie
Marketing en communicatie
Karin Rientjes Rientjes Notariaat Sneek zwart wit
Karin Rientjes
Rientjes Notariaat
Notaris en Scheidingsmediator
Peter Scherjon MKB Beter
Peter Scherjon
MKB Beter
Ondernemerschap en leiderschap
Menno Bakker Hoofdredacteur OF
Menno Bakker
OF/Narvic
Hoofdredacteur OF
ate van der meer
Ate van der Meer
Snakeware
Internet en Marketing specialist
Jaap Adamse - Meneer Regezma BV
Jaap Adamse
Meneer Regezma BV
Re-integratie en Gezondheidsmanagement
Nick Betgem-web
Nick Betgem
Office IT
IT specialist
Jacqueline Brouwer
Jacqueline Brouwer
Brouwer Advocatuur
Juridisch specialist