Bedriuwen, brûk it Frysk!

Bedriuwen kinne dêr in foarname rol yn spylje. Sy kinne it Frysk letterlik en figuerlik yn de etalaazje sette en de Ried trunet harren oan dat fan’t maitiid te dwaan. Wêrom dochs net dit jier oangripe om de gevelopskriften oan te passen? In supermerk kriget wier net minder klanten as in supermarkt.  Wy biede binnenlânske toeristen dan wat mear as oare provinsjes: in bytsje in bûtenlângefoel yn eigen lân.

Yn it bysûnder kin de horeka dêr oan bydrage. Benammen yn dit kulturele jier soe it betsjinjend personiel – oft dat no sels Frysktalich is of net – de gasten lette en sette moatte mei in wurdsje Frysk derby. Toeristen stelle sokke couleur locale op priis. Meartalige menukaarten en ûnderlizzers kinne dêr royaal oan bydrage. De Afûk kin jimme dêrby helpe. En wês ek net te benaud foar ientalich Frysk; yn Frankryk rêde wy ús ommers likegoed.

Delen via

Vergelijkbare berichten